dcsimg

Hauk ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
Jonge (lofts) en folwoeksen hauk
 src=
Wyfke, mei wite eachstreek, swarte krún en swarte earfearren
 src=
Mantsje hauk

De hauk (Accipiter gentilis) is in krêftige rôffûgel. In folwoeksen hauk kin in lingte hawwe fan tusken de 49 - 66 sm. Hy hat koarte, brede wjukken en in lange, hast fjouwerkante sturt. In folwoeksen hauk hat in wite streek boppe it each, in swarte krún en donkere fearren yn de earstreek. It fearrekleed fan in mantsje is boppe-oan brún en ûnderoan skierwyt mei tinne grize bannen. It wyfke is folle grutter mei boppe-oan in laaigriis nei brunich fearrekleed en ûnderoan griis mei tinne brunere bannen. In jonge hauk hat boppe-oan in brún fearrekleed en ljocht mei brune lingtestreekjes ûnderoan. Boppedat is de wite eachstreek minder opfallend.

In hauk is in stille fûgel. Allinnich yn de briedtiid kin men fan ferskate soarten gekekker hearre. Yn Euraazje wurdt de mantsjehauk maklik betize mei de sparwer (Accipiter nisus), mar is wat grutter, swierder en hat wat langere wjukken.

Fretten

De hauk fangt middelgrutte fûgels en sûchdieren. Haadproaien yn Nederlân binne postdo, houtdo, houtekster en knyn. Yn terrein mei in soad dekking jaget de hauk fan in sitplak of yn in lege flecht, om in proai te ferrassen. Dêrby kin de fûgel op koarte stikken in relatyf hege snelheid (80 km/o) ûntwikkelje. Hauken fange benammen de soarten dy't yn harren habitat in protte foarkomme. Faak is te sjen hoe't in hauk út in sirkeljende flecht wei, lykas in sljochtfalk, op in proai dûkt.

Fuortplanting

In spantsje hauken hat faakin stikmannich nêsten yn harren territoarium, dy't fan jier ta jier wiksele wurde om parasiten tsjin te gean, mar makket dochs maklik in nij nêst. Dat nêst, ek wol hoarst neamd, wurdt mei deade tûken heech yn de beamkrún boud yn in gaffelfoarmige tûke, of oanlynjend tsjin de stamme.

 src=
nêst jonge hauken
 src=
Accipiter gentilis

De hauk leit 1 - 5 blauwite aaien, meastal trije of fjouwer. By it brieden ferfearje de mantsjes en wyfkes en kinne maklik rudefearren ûnder it nêst lizze fan benammen it wyfke, trochdat dy mear oan it nêstgebiet bûn is. Haukejongen dy't ree binne om it nêst te ferlitten begjinne mei fleanoefenings. De âlden lizze dan proaien op de râne fan it nêst, wêrtroch't de jongen fladderjend nei de râne geane. En ynienen dûke se spontaan fan it nêst as (hast) follearde fleanders. De hauk hat in karakteristyk flechtpatroan: trage klap fan de wjukken, trage klap en dan glydflecht rjocht foarút.

Se bliuwe harren hiele libben yn itselde territoarium, mar de hauken út noardlike streken migrearje súdoan om te oerwinterjen.

Fersprieding

De hauk komt benammen foar yn boskgebieten yn matige streken fan it noardlik healrûn. Lânbougrûnen wurde lykwols ek faak brûkt en hjir en dêr wurde se ek al yn stêden sjoen (Amsterdam en Rotterdam).

Jachttechnyk

De hauk set him ûnferweechlik op in tûke en wachtet oant er in proai sjocht. As er de proai keazen hat, set er him ôf en fladderet in pear kear mei de wjukken. Mei syn wjukken hast hielendal tsjin it lichem stoart er him hurd-hurd troch beammen en strewellen op syn proai ôf oant er dy hat.

Keppeling om utens

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Hauk: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= Jonge (lofts) en folwoeksen hauk  src= Wyfke, mei wite eachstreek, swarte krún en swarte earfearren  src= Mantsje hauk