dcsimg

Rôfdieren ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
1rightarrow.png Dizze side giet oer it taksonomyske skift fan 'e rôfdieren (Carnivora). Foar rôfdier yn 'e sin fan predator, sjoch: rôfdier.

De rôfdieren (Latynske namme: Carnivora) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m. de famyljes fan 'e kateftigen, de hûneftigen, de bearen, de martereftigen en de seehûnen ûnder falle.

Hoewol't it Latynske Carnivora "fleisiters" betsjut, hearre ta dit skift ek guon allesiters en sels in pear útslutende plante-iters, lykas de reuzepanda. Rôfdieren yn 'e smellere taksonomyske sin (op it mêd fan 'e wittenskiplike yndieling fan bistesoarten) moatte trouwens net betize wurde mei rôfdieren yn 'e bredere sin fan "predatoaren" (oftewol bisten dy't libje fan 'e jacht op oare bisten; sjoch: rôfdier).

De leden fan it skift fan 'e rôfdieren libje ferspraat oer alle wrâlddielen, Antarktika ynbegrepen. De lichtste is mei 35 g de wezeling (Mustela nivalis), wylst de súdlike seeoaljefant (Mirounga leonina) wol 5 ton weagje kin. Yn it ferline waarden de lânrôfdieren (Fissipedia) en de seerôfdieren (Pinnipedia) yn aparte ûnderskiften of sels aparte skiften pleatst, mar dy yndieling is efterhelle. Yn 'e hjoeddeiske taksonomy wurde de rôfdieren ûnderferdield yn 'e ûnderskiften fan 'e hûndieren (Caniformia) en de katdieren (Feliformia).

Skiftopbou

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Rôfdieren: Brief Summary ( Western Frisian )