dcsimg

Sprakelbeamblaujurkje ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

It Sprakelbeamblaujurkje (Celastrina argiolus) is in flintersoarte yn it skaai fan de Celastrina.

Foarkommen

De flinter komt hiel algemien yn Nederlân foar. It is dan ek in algemiene stânflinter.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter

De foarwjuklingte is ûngefear 14 mm. De boppekant fan de wjukken is by de mantsjes wetterich blau mei ljochte swarte rânen. By it wyfke is dizze râne breder. De ûnderkant fan de wjukken is sulver mei lytse swarte plakken. De efterwjuk hat gjin eachplakken en gjin sturtsje. De flinters frette daudrippen, sappen fan bliedzjende beammen en nektar. De flinter fleant heech yn strûken of beammen.

Fleantiid

De flinter is fan begjin maart ôf oant ein juny te sjen. De twadde generaasje tusken heal juny oant oktober. It Sprakelbeamblaujurkje fleant yn twa en soms yn trije generaasjes.

Rûp

Jonge rûpen ite foaral knoppen of de fruchten fan de plant. Gruttere rûpen frette ek wol de blêden. De soart oerwinteret as healwaaksrûp tusken de blêden.

De rûp fret fan de Hûnemigershout, Stikelhout, Hulst, Klimop, Biezemheide, kattesturt en de flinterstrúk.

Sjoch ek

Celastrina.argiolus.2001.10.08.jpg
license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Sprakelbeamblaujurkje: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

It Sprakelbeamblaujurkje (Celastrina argiolus) is in flintersoarte yn it skaai fan de Celastrina.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren