dcsimg

Bûnte wilster ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De bûnte wilster (Charadrius hiaticula) is in 18-20 sm grutte fûgel út de famylje fan de wilsterfûgels.

Foarkommen

Hy hat in protte fan de lytse bûnte wilster mar is in slach grutter. De bûnte wilster hat in griis-brune rêch en in wite búk mei giele poaten. Fierder hat der in swarte bân om syn hals. Syn kop is swart mei wyt, mei in wite flek boppe syn koarte gielswarte snaffel. Mantsjes en wyfkes sjogge der itselde út. Yn 'e flecht is de bûnte wilster goed fan de Lytse Bûnte Wilster te ûnderskieden omdat dy in wite streek oer de wjukken hat. De bûnte wilster kin sa'n 11 jier âld wurde.

Fersprieding

De bûnte wilster libbet op flakke seekusten mei net in soad fegetaasje. By it binnenwetter is er net faak te sjen. De fûgels dy't yn Midden- en Noard-Europa briede lûke winterdeis nei it suden, nei de Atlantyske kust of de kusten fan de Middellânske See. De bûnte wilsters dy't foarkomme yn Grut-Brittanje of by de Noard-Franske kust bliuwe dêr it hiele jier. De bûnte wilster komt ek noch foar yn it noard-westlike part fan Kanada.

Iten

De bûnte wilster yt it meast lytse dierkes dy't hy by it wetter fine kin sa as wjirms, slakken, ynsekten en harren larven.

Fuortplanting

 src=
aaien fan de bûnte wilster

De bûnte wilster briedt fan maaie oant augustus. It nêst is in kûltsje in it sân, somtiden beklaaid mei lytse stientsjes. It wyfke leit meast 4 sânkleurige aaien mei donkere flekken. De aaien wurde troch beide âlden yn 23-25 dagen útbret. It duorret dan noch sa'n 3 oant 4 wike oant de jongen fleane kinne.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Bûnte wilster: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De bûnte wilster (Charadrius hiaticula) is in 18-20 sm grutte fûgel út de famylje fan de wilsterfûgels.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren