De nerts (Latynske namme: Mustela lutreola), om betizing mei de Amerikaanske nerts foar te kommen ornaris Jeropeeske nerts neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) en it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e Jeropeeske nertsen (Lutreola), dat slim yn syn fuortbestean bedrige wurdt. Yn Nederlân komt er net foar. De nerts wurdt yn it Frysk ek wol lytse otter of lytse fiskotter neamd, wat in ferrifeljende oantsjutting is, mei't de nerts taksonomysk sjoen net ta de otters heart.
Yn 'e njoggentjinde iuw wie it gebiet dêr't de Jeropeeske nerts libbe noch withoe grut en striek it him út fan noardlik Spanje yn it westen oant de rivier de Ob yn westlik Sibearje, en fan Archangelsk yn it noarden oant de Kaukasus yn it suden. Yn 'e lêste oardel iuw hawwe in stikmannich faktoaren lykwols gearspand om dat gebiet mei suver 90% te ferlytsjen. It earst stoar de nerts út yn Switserlân en westlik en súdlik Dútslân. Yn Finlân, Kareelje, Tsjechje, Slowakije, de eardere DDR, Eastenryk en Bulgarije wist er him noch oant healwei de tweintichste iuw te hanthavenjen en koartby is er ek út Hongarije, Moldaavje en Poalen ferdwûn.
It is dreech om te sizzen hoe grut oft syn areaal hjoed de dei noch is, mei't er in skruten bist is dat maklik betize wurdt mei de Amerikaanske nerts, mar oer it algemien giet men der fanút dat er fierhinne beheind is ta guon kontreien yn sintraal en fral noardlik Ruslân, mei lytsere, isolearre populaasjes ferspraat oer Estlân, Wyt-Ruslân, de Oekraïne en Roemeenje. Sporadysk soed er ek noch foarkomme yn Letlân en Litouwen. Yn West-Jeropa besteane noch restpopulaasjes yn Spaansk Baskelân, Gaskonje en Bretanje. Tusken 1981 en 1989 waarden der 388 Jeropeeske nertsen útset op twa fan 'e Koerilen, eilannen benoarden Japan yn it Russyske Fiere Easten, mar yn 'e njoggentiger jierren die bliken dat ynstee fan him te fermannichfâldigjen de populaasje dêre derop efterút gien wie.
De Jeropeeske nerts hat trochinoar in kop-romplingte fan 30-44 (♂) of 25-35 (♀) sm, mei in sturtlingte fan 11-18 sm en in gewicht fan 0,5-1,1 (♂) of 0,4-0,8 (♀) kg. Dêrmei is er in bytsje lytser en gnobsker boud as de murd en ek justjes lytser as de Amerikaanske nerts. Jeropeeske nertsen hawwe in brune oant dûnkerbrune pels, mei in griisbrune ûnderpels. Fral eksimplaren fan 'e eastlike ûndersoarten hawwe gauris ien of mear wite plakjes op it boarst of yn 'e nekke. Hy hat swimfluezzen oant healwei de romte tusken de teannen.
Jeropeeske nertsen hâlde har benammen op yn wâldrike kontreien mei genôch beskûl, dêr't se by de iggen fan rêstich fuortskolferjende beken en rivieren lâns libje. Fierders komme se ek wol foar yn kustgebieten, somplân en reidfjilden.
Kwa libbenswize hat de Jeropeeske nerts in protte wei fan 'e otter, mei't er krekt as dy fiere sibbe in semy-akwatysk libben liedt en like thús is yn it wetter as op 'e wâl. De nerts hat in territoarium fan mar 15-20 ha, dat yn in útrutsen line by in beek of rivier lâns rint. Syn hoalen graaft er ornaris yn 'e wâl, gauris ferskûle ûnder beamwoartels. Ek set er him wol nei wenjen yn rotte- of muskesrottehoalen. Njonken streuptochten yn 'e neie omkriten fan syn hoale ûndernimt de Jeropeeske nerts soms ek langere reizen troch de omlizzende gebieten, fral as by swiere froast syn beek of rivier tichtferzen is.
De nerts is in nachtdier dat deis net in soad op 'en paad is. Krekt as oare martereftigen, bgl. de murd, hat er anaalklieren dêr't er in tige stjonkende floeistof út spuitsje kin as er benaud of lulk is. De peartiid falt tusken jannewaris en april, en nei in draachtiid fan 5-10 wiken wurde der dan yn 'e regel 5 of 6 (2-7 komt foar) jongen smiten, dy't oan 'e ein fan 'e simmer selsstannich binne. Natuerlike fijannen fan 'e Jeropeeske nerts binne de gruttere rôffûgels en ûlen, de foks, de murd en, wat de jongen oanbelanget, nei gedachten ek de brune rôt. Nertsen kinne oant 12 jier wurde, mar helje dat mar komselden.
De Jeropeeske nerts siket syn kostje byinoar yn en oan riviersiggen, en it bestiet dan ek foar in grut part út fisken, kreeften, kikkerts, salamanders, slakken, ynsekten en fûgelaaien. Ek lytse sûchdieren as wrotmûzen en jonge muskesrotten steane soms op it menu.
De Jeropeeske nerts hat de IUCN-status fan "slim bedrige" en it hat wol kâns dat er fan alle sûchdieresoarten yn Jeropa der it minst foar stiet. Hy is yn it neigean rekke troch in kombinaasje fan faktoaren, lykas oerbejaging, it drûchlizzen fan sompen en oar wietlân dêr't er fan ôfhinklik is, it minder foarkommen fan rivierkreeften yn noardlik Jeropa troch in sykte, en ferkringing út syn habitat troch de Amerikaanske nerts nei't dy yn 'e tweintiger en tritiger jierren fan 'e tweintichste iuw yn Jeropa yntrodusearre wie troch ûntsnappings út pelsdierfokkerijen. De Amerikaanske nerts is in frijwat robúster bist dat folle minder ôfhinklik is fan wetter en dochs deselde biologyske nys ferfollet as de Jeropeeske nerts. Hjoed de dei hat de Jeropeeske nerts boppedat slim te lijen fan wetterfersmoarging.
Der binne 7 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e Jeropeeske nerts:
De nerts (Latynske namme: Mustela lutreola), om betizing mei de Amerikaanske nerts foar te kommen ornaris Jeropeeske nerts neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) en it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e Jeropeeske nertsen (Lutreola), dat slim yn syn fuortbestean bedrige wurdt. Yn Nederlân komt er net foar. De nerts wurdt yn it Frysk ek wol lytse otter of lytse fiskotter neamd, wat in ferrifeljende oantsjutting is, mei't de nerts taksonomysk sjoen net ta de otters heart.