De Taiwaneeske boskmûs (Latynske namme: Apodemus semotus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus). Dizze soarte libbet inkeld op Taiwan, dêr't er op in hichte fan tusken de 1.400 en de 3.700 m rûnom foarkomt.
De Taiwaneeske boskmûs is it naust besibbe oan 'e Súdsineeske boskmûs (Apodemus draco), en op grûn fan morfologyske ferlikings wolle party saakkundigen hawwe dat er dêr in ûndersoarte fan is. Mei de brânmûs (Apodemus agrarius), dy't yn 'e leechlannen fan Taiwan libbet, is de Taiwaneeske boskmûs folle minder nau besibbe.