dcsimg

Boskmûzen ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De boskmûzen (wittenskiplike namme: Apodemus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Ta dit skaai hearre sa'n tweintich libbene soarten, wêrûnder de boskmûs, de grutte boskmûs en de brânmûs, en dêrnjonken noch teminsten 25 fossile soarten. De boskmûzen binne it naust besibbe oan 'e Rjûkjûaanske stikelrotten (Tokudaia) en de prehistoaryske Rhagamys, en folle minder nau oan 'e echte mûzen (Mus) en de grutearsomprotten (Malacomys). Se foarmje sawol it âldste skaai fan mûseftigen yn Jeropa as it mûseftige skaai dat de grutste fersprieding troch de tiid hat. De âldste fertsjintwurdigers fan 'e boskmûzen stamje út it lette Mioseen fan Jeropa.

Underferdieling

De boskmûzen wurde yn 'e regel ûnderferdield yn twa groepen de echte boskmûzen (Apodemus) en de wâldmûzen (Sylvaemus). Foarhinne waarden dizze groepen oanmurken foar reguliere ûnderskaaien, mar modern ûndersyk hat oantoand dat se taksonomysk mar fan beheind belang binne en dat de besibskip binnen it skaai fan 'e boskmûzen yngewikkelder yninoar sit. Tsjintwurdich foarmje dizze oantsjuttings sadwaande wat ynformelere gearbondelings fan soarten.

Njonken de echte boskmûzen (Apodemus) en de wâldmûzen (Sylvaemus) foarmje de lytse Japanske boskmûs (Apodemus argenteus) en de Himalayaboskmûs (Apodemus gurkha) mooglik in trêde en in fjirde groep. Soms wurde noch twa oare groepen erkend: de rotsmûzen (Karstomys), foar de eastlike rotsmûs (Apodemus mystacinus) en de westlike rotsmûs (Apodemus epimelas), en de Aziatyske boskmûzen (Alsomys) foar guon Eastaziatyske soarten. De Aziatyske boskmûzen binne nau besibbe oan 'e echte boskmûzen, en de rotsmûzen oan 'e wâldmûzen.

Soarten

Libbene soarten

Fossile soarten

  • Apodemus agustii
  • Apodemus alsomyoides
  • Apodemus atavus
  • Apodemus barbarae
  • Apodemus ceasareanus
  • Apodemus debruijni
  • Apodemus dominans
  • Apodemus etruscus
  • Apodemus gorafensis
  • Apodemus gudrunae
  • Apodemus jeanteti
  • Apodemus leptodus
  • Apodemus levantinus
  • Apodemus lewisi
  • Apodemus lugdunensis
  • Apodemus maastrichtensis
  • Apodemus manu
  • Apodemus maximus
  • Apodemus mirabilis
  • Apodemus meini
  • Apodemus orientalis
  • Apodemus qiui
  • Apodemus schaubi
  • Apodemus whitei
  • Apodemus zhangwagouensis

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Boskmûzen: Brief Summary ( Western Frisian )