dcsimg
Imagem de Nemopilema nomurai Kishinouye 1922
Life » » Reino Animal » Cnidários » Scyphozoa »

Rhizostomeae Cuvier 1800

Blomkoalkwabeftigen ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De blomkoalkwabeftigen (Latynske namme: Rhizostomae of Rhizostomeae) foarmje in skift fan 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria), de klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa) en de ûnderklasse fan 'e echte skiifkwabben (Discomedusae). Dizze groep kwabben hat gjin tentakels oan 'e râne fan 'e klokfoarm sitten, mar ynstee acht sterk fertûke mûlearms dy't tarist binne mei tige lytse mûliepeninkjes dêr't iten troch nei binnen ta sûgd wurde kin. (Dit yn tsjinstelling ta oare skiifkwabben, dy't mar fjouwer fan sokke mûlearms hawwe.) Tichter nei de eigentlike mûle ta, dy't sintraal oan 'e ûnderside fan 'e klokfoarm sit, rane de acht earms gear ta ien struktuer.

Befisking

Alle kwabben dy't as delikatesse iten wurde yn 'e Easterske koken yn East- en Súdeast-Aazje binne blomkoalkwabeftigen. Guon leden fan dizze groep wurde dêrsanne ek brûkt foar de makkelei fan tradysjonele medisinen. Sadwaande wurdt der benammen yn 'e Súdsineeske See en de Eastsineeske See kommersjeel op sokke kwabben fiske. De kwabben wurde ornaris drûge en/of sâlte. Yn Sina, dat ditoangeande de langste tradysje hat, waard it foar it earst dokumintearre yn it jier 300 (n.Kr.), mar tsjintwurdich stiet fral Japan om 'e praktyk fan it iten fan kwabben bekend. Lykwols komt it ek foar yn Koreä en Súdeast-Aazje.

Skiftopbou

Der binne (stân fan saken yn 2007) 92 wittenskiplik beskreaune soarten blomkoalkwabeftigen. Dy binne sa ûnderferdield:

Boarnen, noaten en referinsjes

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Blomkoalkwabeftigen: Brief Summary ( Frísio Ocidental )