dcsimg

Dofoarmigen ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De dofoarmigen (Latynske namme: Columbimorphae) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e hegere fûgels (Metaves). Ta dizze groep hearre 3 skiften fûgels, nammentlik de do-eftigen (Columbiformes), de sânhineftigen (Pteroclidiformes) en de steltraleftigen (Mesitornithiformes).

Taksonomy

De nauwe ûnderlinge sibskip fan 'e trije dofoarmige skiften waard lang fermoede, mar pas yn 2014 identifisearre troch in genetyske analyze. De presize ûnderlinge relaasjes fan 'e trije skiften fan 'e dofoarmigen binne noch net alhiel dúdlik. Guon stúdzjes toane in (nauwere) relaasje as sustertaksons oan tusken de do-eftigen en de sânhineftigen (de tradysjonele sjenswize), wylst oare ûndersiken krekt hawwe wolle dat de sânhineftigen en de steltraleftigen nauwer mei-inoar (en minder nau mei de do-eftigen) besibbe binne.

Groepsopbou

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Dofoarmigen: Brief Summary ( Western Frisian )