dcsimg

Jeraziatyske wangsekiikhoarntsjes ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De Jeraziatyske wangsekiikhoarntsjes of Jeraziatyske wangpûdiikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Eutamias) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), de ûndertûke fan 'e wangsekiikhoarntsjes (Tamiina) en it lyknammige boppeskaai fan 'e wangsekiikhoarntsjes (Tamias). Ta dit skaai hearre 1 libbene en 5 fossile soarten wangsekiikhoarntsjes út Jeraazje. Foarhinne waard dizze groep as in ûnderskaai fan 'e wangsekiikhoarntsjes beskôge, mar by in resinte reorganisaasje hat er erkenning as in selsstannich skaai krigen.

Soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Jeraziatyske wangsekiikhoarntsjes: Brief Summary ( Western Frisian )