De baarcheftigen (wittenskiplike namme: Suina) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de rangleaze groep fan 'e baarch- en walfiskeftigen (Artiofabula). Dizze taksonomyske groep omfettet trije famyljes: de bargen (Suidae), de pekarys (Tayassuidae) en de útstoarne Sanitheriidae. Histoarysk wiene de nylhoarsen (Hippopotamidae) ek by de baarcheftigen klassifisearre, oant DNA-ûndersyk útwiisde dat dy eins nauwer besibbe binne oan 'e walfiskeftigen (Cetacea).