dcsimg

Wangsekiikhoarntsjes ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De wangsekiikhoarntsjes of wangpûdiikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Tamias), foarmje in boppeskaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en de lyknammige ûndertûke fan 'e wangsekiikhoarntsjes (Tamiina). Dizze taksonomyske groep wurdt ek wol oantsjutten as de ierdiikhoarntsjes, de iikhoarntsjemarmotten of mei de Ingelske namme chipmunks.

Foarhinne waard dizze groep as ien skaai sjoen, mar by in resinte reorganisaasje is er ûnderferdield yn in trijetal selsstannige skaaien, wat de wangsekiikhoarntsjes sels in taksonomyske triem omheech treaun hat, sadat it in boppeskaai wurden is. Ta dizze groep hearre 25 libbene soarten, dy't op ien nei allegear útslutend yn Noard-Amearika foarkomme. De útsûndering op dy regel wurdt foarme troch it Sibearyske grûniikhoarntsje (Tamias sibiricus). Wangsekiikhoarntsjes binne lytse grûniikhoarntsjes dy't benammentlik yn wâldbiotopen libje, en dêr fan krúsjaal belang binne foar de fersprieding fan nuten en dêrmei fan beammen. Se grave ûndergrûnske hoalen wêryn't guon soarten in wintersliep hâlde, mar oaren net. Behalven plantaardich fretten snippe se ek wolris in fûgelaai. Se libje trochinoar sa'n 3 jier, mar kinne yn finzenskip 9 jier helje.

Soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Wangsekiikhoarntsjes: Brief Summary ( Western Frisian )