dcsimg

Langsturtmarmot ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De langsturtmarmot of reade marmot (Latynske namme: Marmota caudata) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn Sintraal-Aazje.

Fersprieding en biotoop

It ferspriedingsgebiet fan 'e langsturtmarmot omfiemet dielen fan Kazachstan, Kirgyzje, Tadzjikistan, Oezbekistan, Afganistan, Pakistan, Yndia en Sina, dêr't dizze soarte libbet yn 'e berchgebieten fan 'e Hindoekûsj, de Karakoram, it westen fan 'e Kunlun, de Pamir, de Altai en it westen fan 'e Tjensjan-bergen. Yn 'e regel komme langsturtmarmotten foar op in hichte fan tusken de 1.400 en 4.800 m. Se jouwe de foarkar oan tuskenbeiden gerslân. De grutste populaasjes befine har op 'e heechberchtmesteppes fan 'e Altai en de heechberchtmewoastyn fan 'e eastlik Pamir.

Skaaimerken

De langsturtmarmot wurdt troch soölogen benammen as in aparte soarte ûnderskaat op grûn fan 'e genitale bonken: it penisbonkje hat by langsturtmarmotten in folle yngewikkelder struktuer as by oare marmottesoarten.

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Langsturtmarmot: Brief Summary ( Western Frisian )