dcsimg

Feltenwrotmûs ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De feltenwrotmûs of Feltens wrotmûs (Latynske namme: Microtus felteni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola).

Dizze soarte komt foar yn Jeropa, op 'e súdwestlike Balkan. Syn ferspriedingsgebiet omfiemet Albaanje, Kosovo, Montenegro, Servje, Masedoanje en Grikelân.

De feltenwrotmûs waard yn 1963 foar it earst beskreaun en erkend, mar sûnt is der net in protte ûndersyk nei dien, en neffens de IUCN binne der te min gegevens oer beskikber om in ynskatting oer de status te meitsjen. De feltenwrotmûs wurdt soms beskôge as in ûndersoarte fan 'e saviwrotmûs (Microtus savii).

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Feltenwrotmûs: Brief Summary ( Western Frisian )