dcsimg

Gimzen ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

De gimzen of gemzen (wittenskiplike namme: Rupicapra) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e gimseftigen (Rupacaprini).

Beskriuwing

Dit skaai omfiemet twa nau besibbe soarten: de gims (Rupicapra rupicapra) en de Pyreneeske gims (Rupicapra pyrenaica). De gims komt foar yn berchtmen yn Midden- en Súd-Jeropa, de Balkan en Anatoalje oant yn 'e Kaukasus, wylst de Pyreneeske gims yn syn fersprieding beheind is ta de Pyreneeën, op 'e grins fan Frankryk en Spanje. De gims libbet fierders ek as eksoat yn 'e bergen fan Nij-Seelân, dêr't er troch de minske yntrodusearre is. Yn 2014 waard by in ûndersyk troch wittenskippers fan 'e Durham Universiteit fêststeld dat beide soarten gimzen stadichoan yn grutte belúnje by wize fan evolúsjonêre reäksje op it broeikaseffekt en de klimaatferoaring.

Underfamylje-opbou

Boarnen, noaten en referinsjes

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren

Gimzen: Brief Summary ( frison occidental )