dcsimg

Russyske dwerchhamster ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De Russyske dwerchhamster (Latynske namme: Phodopus sungorus), ek wol de Sibearyske dwerchhamster of de Dzjûngaarske dwerchhamster neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae) en it skaai fan 'e dwerchhamsters (Phodopus). Hy komt foar yn dielen fan Sintraal-Aazje, Sibearje en East-Aazje, en wurdt faak holden as húsdier (al is dat yn Nederlân sûnt 1 jannewaris 2014 ferbean). De Russyske dwerchhamster ûnderskiedt him fan oare soarten hamsters trochdat er hjerstmis in wite winterpels kriget.

Taksonomy

De Russyske hamster waard yn 1773 foar it earst beskreaun troch de ferneamde soölooch Peter Simon Pallas, dy't him foar in mûs oanseach. De namme sungorus is in Latynske ferwizing nei Dzjûngarije, it noardlikste diel fan 'e Sineeske regio Sinkiang-Oeigoerje. Lang waarden de Russyske dwerchhamster en de nau besibbe campbelldwerchhamster (Phodopus campbelli) beskôge as ûndersoarten fan deselde bistesoarte, mar tsjintwurdich is dúdlik wurden dat it hjir om twa ûnderskate soarten giet. Yn finzenskip is it wol mooglik om dizze beide soarten mei-inoar te krusen, mar dat is in tige muoisum proses wêrby't de sûnens fan it wyfke yn gefaar brocht wurdt, de oantallen jongen by eltse krusing lytser wurde en der ek stadichoan mear sûnensproblemen by de jongen optrede.

 src=
In Russyske dwerchhamster oan 'e kuier.

Fersprieding

Russyske dwerchhamsters binne lânseigen yn it easten fan Kazachstan, Mongoalje, it noarden fan Sinkiang-Oeigoerje (Dzjûngarije), dielen fan súdlik en súdwestlik Sibearje en Mantsjoerije.

Uterlike skaaimerken

De Russyske dwerchhamster hat trochinoar in kop-romplingte fan 7-9 sm, mei in sturtlingte fan ½-1½ sm en in gewicht fan 19-45 g. Hy is suver kûgelrûn mei koarte poatsjes, wêrby't de efterpoaten justjes langer binne as de foarpoaten. De sturt is sa koart dat er frijwol hielendal net opfalt. Russyske dwerchhamsters hawwe in sêfte, tichte pels, dy't har tsjin 'e strange winters yn har ferspriedingsgebiet beskermje moat. Ek de earen en soallen binne behierre. De kop is breed en de wangpûden binne sichtber, ek as se leech binne. Krekt as by oare soarten hamsters wurde dy wangpûden brúkt om se fluch fol te loegjen mei fretten, wêrnei't dat earne oars, op in feiliger plak, bepluze wurde kin.

 src=
In Russyske dwerchhamster yn syn winterpels.

De simmerpels is op 'e rêch dûnkergrizich, mei in hast swarte streek dy't yn 'e lingterjochting oer de wringe rint, fan 'e nekke oant de ûnderrêch. It hier op 'e bealch is wyt, en de snút en de poatsjes binne dat ek. By 't winter kriget de Russyske dwerchhamster in hast folslein wite winterpels, mar yn finzenskip bart dat lang net altyd, en wat langer oft se yn finzenskip holden wurde, wat minder. Yn finzenskip hawwe har troch selektyf fokken trouwens wol oare pelskleuren ûntjûn: blauwich ("saffierkleurich"), krêm ("pearelkleurich") en "saffierpearelkleurich" (in kombinaasje fan beide farianten). Ek komme der noch oare kleuren foar, mar dêrfan wurdt sterk fermoede dat dy har inkeld foardogge yn krusingen mei de campbelldwerchhamster (Phodopus campbelli). Hoewol't dizze beide soarten sterk opinoar lykje, kinne se faninoar ûnderskaat wurde trochdat de campbelldwerchhamster lytsere earen hat en de trochdat de swartige wringestreek by de Russyske dwerchhamster smeller en koarter is. Ek is it hier op 'e bealch fan 'e Russyske dwerchhamster witer as by de campbelldwerchhamster.

 src=
In "saffierkleurige" Russyske dwerchhamster.

Biotoop

Russyske dwerchhamsters jouwe de foarkar oan frije iepen romten mei foldwaande boaiemfegetaasje, lykas ikkers, greiden, de iepen steppe en bjirkebosken.

Hâlden en dragen

Russyske dwerchhamsters binne net solitêr, mar libje as min ofte mear monogame pearkes. Se grave hoalen dy't oant 1 m djip binne, en dêr't se it grutste part fan 'e tiid yn trochbringe om rôfdieren te ûntrinnen. Dat slagget net altyd, want de wezeling, ien fan 'e wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Russyske dwerchhamster, lit him troch soks net tsjinhâlde en kringt geregeldwei de hoalen binne. Dêrom hawwe sokke hoalen altyd mear as ien yn-/útgong, ornaris in stik as seis. Om 'e hoalen winterdeis waarm te hâlden, slút de Russyske dwerchhamster lykwols alle yngongen behalven ien ôf en beklaait er de wanden mei byinoar fandele bistehier. Sa hâldt er de temperatuer yn syn hoale yn 'e regel op 16,7° C, ek al is it bûtendoar fier ûnder nul.

 src=
In "pearelkleurige" Russyske dwerchhamster.

Russyske dwerchhamsters hawwe gjin spesifike peartiid en kinne har it hiele jier troch fuortplantsje. Nei de pearing wurdt it wyfke faak agressyf, om't se har noch net berne jongen beskermje wol tsjin it mantsje. Sadwaande nimt it mantsje yn dy tiid ornaris syn ûntwyk yn oare hoalen. Mei't de fruchtberenssyklus fan it wyfke fjouwer dagen duorret, betsjut dat dat se it mantsje eltse fjouwer dagen weromkomme lit om te pearjen. De draachtiid duorret 36 dagen. Oars as by de campbelldwerchhamster is der by de Russyske dwerchhamster gjin sprake fan dat it mantsje meihelpe soe om 'e jongen grut te bringen. De wyfkes binne by steat om deselde deis dat se jongen smiten hawwe, alwer te pearjen en op 'e nij drachtich te reitsjen. Hoewol't dat in oerlibbingsstrategy is om safolle mooglik neikommelingen yn in sa koart mooglike tiid te produsearjen, hat de sûnens fan it wyfke der slim ûnder te lijen as soks ferskate kearen efterinoar bart. De jongen wurde mei 3 wiken ôfwûn en kinne dan selsstannich libje. Yn finzenskip wurde se dan ek daliks fan 'e mem en faninoar skaat om fjochtpartijen foar te kommen.

 src=
In Russyske dwerchhamster dy't him op 'e efterpoatsjes oprjochtet.

Fretten

De Russyske dwerchhamster is in omnivoar, dy't net inkeld plantaardich materiaal, lykas griene planten, nôt, nuten en sieden yt, mar ek frijwat dierlik spul, lykas wjirms en gravende ynsekten. Yn finzenskip is it dus wichtich dat se ek genôch dierlike aaiwiten binnenkrije. Sadwaande wurde se faak byfuorre mei moalwjirms of hûnefoer.

Status

De Russyske dwerchhamster hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn romme natuerlike areaal noch rûnom foarkomt. (Likegoed hat er yn 2006 yn Kazachstan in beskerme status krigen.) Dêrnjonken wurdt er yn Jeropa en Noard-Amearika in soad as húsdier holden. Der wurdt fan him sein dat er datoangeande rêstiger is as de woastyndwerchhamster (Phodopus roborovskii) en faak nueter as de campbelldwerchhamster (Phodopus campbelli).

Yn opdracht fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken is troch de Universiteit fan Wageningen ûndersyk dien nei de gaadlikheid fan it hâlden as húsdier fan ferskate bistesoarten. Yn dat ûndersyk waard ek de Russyske dwerchhamster belutsen, dy't it yndekssifer 6 krige, wat betsjut dat er oan 'e iene kant gjin gefaar foarme foar de minske, mar oan 'e oare kant as húsdier folslein ûngeskikt befûn waard. Yn in brief oan 'e Twadde Keamer naam steatssiktaris Sharon Dijksma de oanbefellings fan it ûndersyk oer, mei as gefolch dat de Russyske dwerchhamster net foarkomt op 'e "posityflist" fan bisten dy't per 1 jannewaris 2014 yn Nederlân ûnder betingsten as húsdier holden wurde meie. Foar de bisten dy't doe al as sadanich holden waarden, gou in oergongsregeling mei fokferbod (mei oare wurden: der waard in útstjerbelied folge).[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Russyske dwerchhamster: Brief Summary ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De Russyske dwerchhamster (Latynske namme: Phodopus sungorus), ek wol de Sibearyske dwerchhamster of de Dzjûngaarske dwerchhamster neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae) en it skaai fan 'e dwerchhamsters (Phodopus). Hy komt foar yn dielen fan Sintraal-Aazje, Sibearje en East-Aazje, en wurdt faak holden as húsdier (al is dat yn Nederlân sûnt 1 jannewaris 2014 ferbean). De Russyske dwerchhamster ûnderskiedt him fan oare soarten hamsters trochdat er hjerstmis in wite winterpels kriget.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages