dcsimg

Fazanteftigen ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De fazanten (Latynske namme: Phasianidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes) en de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea). Ta dizze famylje hearre mear as 180 soarten hineftigen, mei dêrûnder ferskate bekende soarten, lykas de hin (Gallus gallus domesticus), de kalkoen (Meleagris gallopavo), de blauwe pau (Pavo cristatus), de patriis (Perdix perdix) en de fazant (Phasianus colchicus).

Fazanten binne foar it meastepart lânseigen yn Jeraazje en Australaazje, hoewol't in pear skaaien útslutend foarkomme yn Noard- en/of Midden-Amearika, lykas de kalkoenen (Meleagris), de kraachhinnen (Bonasa), de waaierhinnen (Centrocercus), de beamsniehinnen (Dendragapus) en de prêrjehinnen (Tympanuchus). In grutte groep hineftigen út Noard- en Súd-Amearika dy't sterk op fazanten lykje, de toskkwartels (Odontophoridae), hearre feitliks net ta de famylje fan 'e fazanten, mar foarmje in eigen, selsstannige famylje binnen de boppefamylje fan 'e fazantfûgels.

Underskiftopbou

De opbou fan 'e fazantefamylje is noch altyd in striidkwestje mank ornitologen. Faak wurde der mar twa ûnderfamyljes erkend, dy tan 'e echte fazanten (Phasianinae) en dy tan 'e patrizen (Perdicinae). Guon saakkundigen foegje lykwols noch seis oare ûnderfamyljes ta, wylst wer oaren de patrizen ûnderbringe by de kalkoenen (Meleagridinae) of de echte fazanten.

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Fazanteftigen: Brief Summary ( Western Frisian )