dcsimg
Imagem de Vanzosaura rubricauda (Boulenger 1902)
Life »

Reino Animal

Metazoa

Dieren ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De dieren of bisten (Latynske namme: Animalia) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e planten (Plantae), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) opmakket. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).)

Dieren binne rjusellige organismen dy't foar it meastepart mobyl binne, wat sizze wol dat se har spontaan en ûnôfhinklik bewege kinne. Harren lichemsfoarm berikt op in beskaat stuit yn harren libben it punt dat it in fêste foarm kriget (ophâldt mei groeien), al binne der guon soarten dy't letter yn it libben in proses fan metamorfoaze trochmeitsje. Alle dieren binne heterotroof en moatte dus oare libbene (of deade) organismen opite om harsels fan enerzjy te foarsjen, dy't se frijmeitsje troch in reäksje mei soerstof. Biologysk sjoen is de minske gewoan ien fan 'e withoefolle bistesoarten.

Fan 'e measte groepen dy't tsjintwurdich ta de dieren rekkene wurde, geane de fossile (foar-)foarmen tebek oant de saneamde Kambryske Eksploazje, sa'n 542 miljoen jier lyn. De bekenste groepen bisten (dy't it bekendst binne om't de soarten dy't derta hearre it grutst fan stal binne) hearre ta de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en dêrbinnen ta de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). Dy groepen binne û.m. de sûchdieren, reptilen, fûgels, fisken en amfibyen. Oare grutte groepen binne de lidpoatigen (mei û.m. de ynsekten, spineftigen, kreefteftigen en tûzenpoatigen), de ferskate groepen wjirms, de weakdieren, de spûnsdieren en de kwabben.

It diereryk kin yn trije haadgroepen yndield wurde op grûn fan kompleksiteit en it al of net besitten fan beskate lichaamlike skaaimerken:

In yngeandere, taksonomyske ûnderferdieling wurdt hjirûnder jûn.

Klassifikaasje fan dieren

 src=
In skiifdiagram dêr't de ferdieling fan it bisteryk yn soarten op werjûn is. (De Arthropoda (ljochtblau) binne de lidpoatigen; de Mollusca (pears) binne de weakdieren; de Chordata (ljochtgrien) binne de rêchstringdieren.)

Boarnen, noaten en referinsjes

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Dieren: Brief Summary ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De dieren of bisten (Latynske namme: Animalia) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e planten (Plantae), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) opmakket. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).)

Dieren binne rjusellige organismen dy't foar it meastepart mobyl binne, wat sizze wol dat se har spontaan en ûnôfhinklik bewege kinne. Harren lichemsfoarm berikt op in beskaat stuit yn harren libben it punt dat it in fêste foarm kriget (ophâldt mei groeien), al binne der guon soarten dy't letter yn it libben in proses fan metamorfoaze trochmeitsje. Alle dieren binne heterotroof en moatte dus oare libbene (of deade) organismen opite om harsels fan enerzjy te foarsjen, dy't se frijmeitsje troch in reäksje mei soerstof. Biologysk sjoen is de minske gewoan ien fan 'e withoefolle bistesoarten.

Fan 'e measte groepen dy't tsjintwurdich ta de dieren rekkene wurde, geane de fossile (foar-)foarmen tebek oant de saneamde Kambryske Eksploazje, sa'n 542 miljoen jier lyn. De bekenste groepen bisten (dy't it bekendst binne om't de soarten dy't derta hearre it grutst fan stal binne) hearre ta de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en dêrbinnen ta de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). Dy groepen binne û.m. de sûchdieren, reptilen, fûgels, fisken en amfibyen. Oare grutte groepen binne de lidpoatigen (mei û.m. de ynsekten, spineftigen, kreefteftigen en tûzenpoatigen), de ferskate groepen wjirms, de weakdieren, de spûnsdieren en de kwabben.

It diereryk kin yn trije haadgroepen yndield wurde op grûn fan kompleksiteit en it al of net besitten fan beskate lichaamlike skaaimerken:

spûnsdieren (Parazoa) muldieren (Mesazoa) orgaandieren (Eumetazoa)

In yngeandere, taksonomyske ûnderferdieling wurdt hjirûnder jûn.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Echte dieren ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De echte dieren (Latynske namme: Metazoa) foarmje yn 'e taksonomy in ûnderryk fan it ryk fan 'e dieren (Animalia). Hast alle bisten hearre ta dizze groep, útsein de sturtselligen (Choanozoa). Hjirby moat oantekene wurde dat de taksonomyske yndieling op dit nivo noch net alhiel útkristallisearre is. Dêrom wurde de "echte dieren" ek wolris definiëarre as bisten mei folslein differinsjearre weefsels, wat ek de spûnsdieren (Parazoa) útslút. Teffens wurdt de namme Metazoa wol as synonym mei Animalia beskôge. Hokker foarm fan yndieling oft brûkt wurdt, ferskilt per boarne en leit oan hokker teory oft folge wurdt.

Klassifikaasje

Boarnen, noaten en referinsjes

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Echte dieren: Brief Summary ( Frísio Ocidental )